sjonger - ferskeskriuwer

sjonger-ferskeskriuwer



Onno sit yn de finale fan de 'Kleine Prijs voor Singer-songwriters' fan Fryslân.


Wachtsje (juli 2020) 

Een cliché, dat is oké (juni 2020)

Us Eigen wrâld   (mei 2020)

Oer it lok yn ús eigen wrâld, wat se der yn de grutte wrâld ek mar fan fine.

Strik Strak   (april 2020)

At it libben in sleur wurdt.

Sûchrefleks   (maart 2020)

Skamsme en kekenens komme fan de dúvel. Lês de bibel der mar op nei.
Yn it paradys wie it neaken weazen hiel gewoan. Hjoed te dei kin der hieltyd minder en de mannen wurde as fiislakken fuortset.

Lit de dúvel net winne en ferslach de sûnde fan de skamte. Wy mannen binne net sa min, wy wrakselje noch altyd mei ús sûchrefleks.

Suze Nanne (febrewaris 2020)

Wa kin net it ferske oer Suze Nanne poppe? 

Dit is it ferhaal fan de hjoeddeiske Suze Nanne. Se fynt net in kealtsje yn de groppe mar wurdt oer it hynder tilt. Hoe rint dit ôf?
Byt mar efkes troch de blokfluitsolo hinne, dan giet it ferske los.

It Grutte Gefaar (jannewaris 2020)

Yn de rin fan 2020 komt myn nije album út. It grutte Gefaar is de byslúter. Jim binne warskôge.

De Lêste Dei Foar Kryst  (novimber 2019)

De lêste Kryst komt der oan. Op de dei foar Kryst is elts dwaande mei de tarieding fan it Krystfeest. Underwylst giet de ierde kapot troch it minskdom. Wêrom altyd mear? 'Lit de minsk tefreden wêze', dat is myn Krystwinsk.

De Kop Der Foar (oktober 2019)

Ofskied nimme fan dyn fakânsjeleafde kin swier wêze. Op de pier fan it Amelân as Skier komt men wer yn de hurde wurklikheid  werom. Mei wat hulp fan âlde clichés, de twivel oer de djipte fan de leafde en in pear bierkes  kreist de kop der wer foar. 

Fakânsje  (septimber 2019)

De simmer is sa goed as foarby, dat it is tiid om efkes efterom te sjen. It nije lied Fakânsje giet oer de fakânsjes fan eartyds. Wier bard as net, dat meie jim útfine. Fakânsje is te hearen op ûnder oare itunes, Spotify en Deezer.

Onno - Earste simmer mei dy

Myn debuutalbum is út  (jannewaris 2018)

Der is't ie dan, myn debuutalbum "Earste simmer mei dy". Hy leit yn de winkel. Yn elts gefal yn de webwinkel fan Marista Neist eigen wurk steane der inkele oersettings fan besteande nûmers op. De cd is opnaam yn de Sing-Sing studio yn Mitslawier. Kees Bode hat in part fan it ynstrumentale diel foar syn rekken naam.

Voor de niet Friestaligen staan er korte omschrijvingen per lied op de volgende download

Resinsje Friesch Dagblad troch Arjen Hut, 6-1-'18

Onno Sjongt

Grutte wrâldproblemen, in kommersjele media en in neatûntsjennende ekonomy; we libje yn in hystearyske maatskippij. Mar binnen dyn eigen wrâld fynst de wiere emoasje, it lok, it fertriet, it ferlies, de leafde.  
Onno besjongt mei passy it lytse libben en rekket dy. Gruts, brekber , sûnder betinkst en mei in nochter each. 


In letbloeier is it, dy Onno. Hy rûn tsjin de fjirtich doe’t er foar it earst in gitaar yn hannen kryg. No sa’n tsien jier fjirder is hy yn Noard-East Fryslân wiidferneamd mei syn liet “Sintrale As”, spilet er op festivals en húskeamerkonserten. In debuut-cd stiet der oan te kommen 

En at jo kontakt opnimme wolle, foar ynformaasje of in optreden, dan klikke jo gewoan op Kontakt.  


En sykje jo wat stevigers? Onno is sjonger-gitarist fan coverband Progress. Se spylje nûmers fan Johnny Cash oant The Rolling Stones, en derneist ek eigen wurk. Alles oer Progress fine jo op de webside. https://https://www.youtube.com/watch?v=n-4ZkYivHXQ